Oeh jongens,it wurdt wer moai!

Op freed 2, saterdei 3, woansdei 7, freed 9
en saterdei 10 febrewaris
spylje wy it stik “De kat yn de kelder”.

Jûns om 20.00 oere yn Dúndelle yn Bakkefean;
woansdei begjinne we om 14.00 oere.

Koarte ynhald fan it stik

Majoar Evert Tanghe lit, alhiel tsjin it sin fan syn suster Tine, de kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn de kelder fan syn hearehûs wenje. Ynearsten hat de famylje De Kat neat mei de kelder, mar dat slacht al rillegau om as se der achter komme dat se neist de bank komme te wenjen. Feliks sjocht de kâns op de ‘jackpot’ wol sitten. Mar wa giet er no mei de buit fan troch? Sjoch ek op facebook:  Nij Bigjin – toanielferiening

Kaart ferkeap  by,

Griet Kootstra, Dwarskamp 29, telefoan, 0516-541925

Tagongspriis, foarverkeap € 7,00  oan de seal € 9,00

Ofhelje en betelje tusken 18.00 en 19.00 oere jûns.

Alline op, tiisdei, woansdei , freed.

Geplaatst in: Toneelvereniging Nij Bigjin

1 reactie op “Oeh jongens,it wurdt wer moai!

  1. Felix zegt:

    Fan in plofkreak rekket Bakkefean net yn de war. Mar dat stelt dan
    ek net safolle foar ast it fergelikest mei dizze klucht. PEANUTS.
    Net stinne mar allegeare hinne!!!!!

Geef een reactie