Koningsdag: optreden Marcel en Adri

27 april Keningsdei,

Fannemiddei hawwe nei it Keningskonsert west fan Adri de Boer en Marcel Smit. Twa frysktalige trubadoers songen yn de slotpleats yn Bakkefean harren bekinde liedsjes.

Faak sels skreaun mar ek wolris oerset út it ingelsk. We krigen earst tee/kofje mei oeranjekoeke om’t it de jierdei wie fan Kening Willem Alexander. It earste optreden wie fan Adri de Boer út Lippenhuzen. Hy song sa’n 9 liedjes. Doe wie it skoft en koenen we wat te drinken helje en efkes gesellich prate mei de sjongers en elkoar.

Nei it skoft wie Marcel Smit út Burgum oan bar en song sa’n 12 ferskes. Yn it lêste stikje fan de middei lieten de manlju tegearre noch  twa lieten hearre.

De lieten wienen, serieus, grappich, emoasjoneel en oangrypjend. It wie in mingeling fan alle emoasjes.

It wie in hiele moaie en tige gesellige middei en we hoopje dat Adri en Marcel nochris optrede sille mei harren nije en âlde lieten. Hâld harren sit yn de gaten www.marcel

smit.nu dat is de site fan Marcel. En fan Adri de Boer is  www.adri-de-boer.nl

 

We hawwe de middei ôfsletten mei in gleske wyn en in bierke of fris en noch gesellich neisitten.

 

Ytsje Wilstra Scherjon

Geplaatst in: Koningsdag

Geef een reactie