Troch omstannichheden slagget it toanielferiening Sigerswâld dit jier net om in toanielstik op de planken te bringen. Gelokkich hawwe we Op nij feriene ût Oerterp strikke kint.
Op 11 febrwaris spylje sy yn doarpshûs Ûthof yn Sigerswâld it stik;
ACH IN PÛNTSJE MEAR AS MINDER
In jûnfollend kluchtich blijspul fan Rien Bakker, oerset troch Abele Krist.
Beautyinstitût Slank & Fit bestiet 25 jier en dêrom hat de direksje fakansje. Gelokkich is it sintrum yn de fertroude hannen fan it betûfte personiel. Mar dan krije se in tillefoantsje mei it berjocht dat krekt no de Ynspeksje foar har jierlikse kontrôle del komme sil. Dit soarget foar lichte panyk by it personiel en se dogge der alles oan om dizze wike goed ferrinne te litten. Mar kinne in fakânsjekrêft, in ferfangende arbeider, in entûsjaste masseuse en in technyske badmaster it oan?
Fansels binne jim allegear ûtnoege om dit spektakel mei te meitsjen.
Dit alles ûnder superfisy fan Elske Klooster en in gastrol fan Sietse Bouma, dus mei in sauske ût Sigerswâld en Bakkefean.
11 febrwaris 20.00 oere Ûthof Sigerswâld entree € 10,–
Graach oant sjen,
Toanielferiening Sigerswâld
Reacties