Teatergroep SIEL spilet: “In frou mei behoeften”

Teatergroep SIEL spilet

“In frou mei behoeften”

Op freed 18 en saterje 19 maart wolle wy ek yn Bakkeveen graach it stik spylje: In frou mei behoeften. Yn Dundelle de jûns om 20.00 oere.

It tillefoan nûmer om de kaartsjes te reserfearjen is 06 – 23805598.

De kaarten kostje 10 euro

  • De oarspronklik Flaamske komeedzje is skreaun troch John Vermeulen.
  • De Fryske oersetting is fan Sietse Bouma.
  • De foarstelling hie net spile wurde kind sûnder: Tineke Nicolai, Jelle Terwal, Hannie Bouma, Atze Benedictus en Gertjan Veenstra.
  • Sietse Bouma spilet Luuk
  • Elske Klooster spilet Janneke

Luuk en Janneke binne al in moai skoft troud. Sy is in notarisdochter dy ‘t nea oan it wurk west hat, hy is in stedsamtner dy ‘t de measte promoasjes oan syn noas foarby gean liet. Der sit wat slitaazje oan harren houlik.

Se fermeitsje mekoar oerdei foar it grutste part troch mekoar de hûd op sinistyske wize fol te skellen.

Janneke besiket de flam yn harren seksuele relaasje wer wat op te lôgjen. Mar dit hat ta gefolgen dat der brike situaasjes ûnsteane, dy ‘t beide net ferwachtsje.

Ynfo oer teatergroep SIEL en kaartferkeap:

T. 06-23805598

Geplaatst in: Zien en doen

Geef een reactie