Bakkeveen: FNP 2022

Thús yn Bakkefean

Bakkefean, eartiids noch ferneamd troch de striid tusken de Friezen en Drinten, mar lykas in soad oare doarpen yn Opsterlân hat sy ek in ferline yn de feanûntginning en turf. En dêrmei fansels histoarysk ferbûn mei ferskate Opsterlânske doarpen.

De FNP is thús yn Opsterlân en fansels ek thús yn Bakkefean. Bakkefean mei harren feart, natoer, ferieningen, de drokbesochte merken en in warber Pleatslik Belang. Belutsenheid by harren doarp stiet foar guon Bakkefeanster heech yn it findel. Sy sette harren yn foar dat hiele moaie wenplak op ‘e râne fan de gemeente, sa moai dat toeristen Bakkefean hieltyd mear opsykje. En jou harren ris ûngelyk.

De FNP wol dat ek de folgjende generaasjes genietsje kinne fan it plak wêr’t de ynwenners hikke en tein binne. De FNP komt dêrom mei har ‘Oanfalsplan Wenjen’ en set dizze tsjinoer it Haachske Deltaplan en harren Lelyline. It oanfalsplan jout romte foar bouwen dêr wêr’t minsken derom freegje; yn harren eigen mienskip. It moat foarrang jaan oan ús eigen jongerein en harren in earlike kâns jaan op in wente. Bouwe nei aard en skaal fan it doarp, mei safolle mooglik each foar it lânskip en de mienskip.

Dit Oanfalsplan, opstelt troch de FNP, stiet yn in skril kontrast mei it “Deltaplan voor het Noorden”. In plan dy’t in oanslach pleget op ús lânskip en mienskip. In plan foar grutte ferstedsking fan Drachten en It Hearrenfean, mei leafst 45.000 ekstra wenten foar minsken út de Rânestêd (goed foar mear as 100.000 ekstra ynwenners yn Súdeast Fryslân) en dêrby de ferplichting om mei te wurkjen oan de oanlis fan in spoarline dy’t mei 200 kilometer yn it oere troch de natoer en it lânskip raast dy’t Opsterlanners en Bakkefeansters krekt sa kuozje.

De FNP is in partij foar en fan de mienskip en hat deryn in wichtige oerienkomst mei Bakkefeansters. Ek op ús list stean grutske ynwenners fan Bakkefean dy’t thús yn Bakkefean binne. Martin Boomsma, Jacob de Vries en Andrys Bakker binne alle trije, lykas de FNP, thús yn Bakkefean!

Mear ynfo op opsterlan.fnp.frl/

Geplaatst in: Bakkeveen

Reacties zijn gesloten.