Utfiering: “Om it libben fan Lyfke”

Toanielselskip Nij Bigjin spilet
Om it libben fan lyfke

Yn dit kluchtige blyspul draait it om it libben fan Lyfke Lycklema, in frou fan achter yn ‘e fyftich, wennet op harsels yn in grut âld hûs en komt oan ‘e kost mei it sammeljen en ferhanneljen fan fodden.

Trije yndividuën, Barry, Sally en Gloria, besykje troch in nep-hannel yn rûkersguod har kostje op te rinnen. Se komme yn konneksje mei Lyfke, dy’t har lege fleskes leverje kin foar harren hannel. Geande wei komme se op in oar idee, om noch gauwer en makliker oan mear jild te kommen. Se meitsje Lyfke kompanjon yn har saken en slute in libbensfersekering op har ôf.

Lyfke hellet dit trio mei in soad leafde yn ‘e hûs. Mar wurdt dizze leafde wol op in wize beantwurde sa as je dat eins ferwachtsje kinne …….. ?

No ja hoe dit ôfrint kinne jimme sjen op

31 janewaris, 1 – 5 – 7 – 8  febrewaris 2020 in Dúndelle.

Kaartferkeap
De kaartferkeap is fanôf 16 jannewaris 2020

  • Kaarten foar 31 jannewaris en 1 febrewaris: Lenie Bouma, Alde Drintsewei 12, telefoan, 06 – 2741 4227
  • Kaarten foar 7 en 8 febrewaris: Griet Kootstra, Dwarskamp 29, telefoan, 06 – 2529 2542

Tagongspriis

  • foarferkeap € 8,–
  • oan de seal € 10,–

Ofhelje en betelje tusken 19.00 en 20.00 oere jûns op tiisdei en tongersdei.

Foar 5 febrewaris gjin foarferkeap; tagongspriis € 8,–

Mear ynformaasje:
www.bakkeveen.nl/toneel
[email protected]
Facebook: Nij Bigjin- toanielferiening

Wy winskje jimme in noflike foarstelling ta.

Bestjoer en spilers Nij Bigjin

Geplaatst in: Toneelvereniging Nij Bigjin

Geef een reactie