Kaartferkeap fan Toanielselskip Nij Bigjin fan start

 

We binne alwer in moai skoft dwaande in stik foar jimme op ‘e planken te krijen en binne no safier dat we sizze kinne:

                          Lit de kaartferkeap mar begjinne

Dat dogge we dan ek …….. fan hjoed (16 jannewaris) ôf kinne de kaarten besteld wurde:

foar it earste wykein (freed 31 jannewaris en sneon 1 febrewaris) by:                                Lenie Bouma 06-27414227 (Alde Drintsewei 12)

foar it twadde wykein (freed 7 en sneon 8 febrewaris) by:                                                      Griet Kootstra 06-25292542 (Dwarskamp 29)

Bestelde kaarten kinne ophelle (en betelle) wurde tusken 19.00 en 20.00 oere op tiisdei of tongersdei

De tagongspriis is: 8 euro yn’e foarferkeap en 10 euro oan ‘e kassa

foar woansdei 5 febrewaris is gjin foarferkeap. Kaarten oan’e kassa binne dan 8 euro

Noch efkes wer it stik oer giet:

                                Om it libben fan Lyfke

Alles draait om Lyfke Lycklema, in frou fan in jier of ….. ja hoe âld is se eins? No ja, makket ek neat út se sammelt en hannelt yn elts gefal yn fodden en wennet yn in grut, âld hûs.

Trije yndividuen Sally, Barry en Gloria hannelje ek, mar dan yn (nep)rûkersguod. Se komme mei Lyfke yn ‘e kunde om ’t se nije fleskes nedich binne. Geande wei komme de trije dogenieten op in idee om noch makliker oan jild te kommen. Se meitsje Lyfke kompanjon en slúte in libbensfersekering op har ôf.

Lyfke hellet dit trio mei in soad leafde yn ‘e hûs. Mar wurdt dizze leafde wol op in wize beantwurde sa as je dat eins ferwachtsje kinne?

We moatte mar is sjen hoe oft dit ôfrinne sil!

 

Geplaatst in: Toneelvereniging Nij Bigjin

Geef een reactie