De Foarstelling
‘De Foarstelling’ is de jubileum foarstelling fan de 100 jierrige STichting Amateur Toaniel Fryslân.
It is in bûnt selsportret fan it Fryske amateurtoaniel yn al har fasetten, mei spilers en muzikanten rûnom út Fryslân.
Fia dizze link krigest alfêst in foarpriuwke fan ‘De Foarstelling’. https://youtu.be/iHG4diNPsaY
Foar elk dy’t wol ris meidien hat oan in útfiering, hylarysk werkenber, foar elk dernjonken dé kâns om te sjen hoe’t it der al 100 jier om en ta giet yn it Fryske amateurtoaniel.
En foaral net te missen Gert Jan Veenstra ut Bakkefean docht ek mei.
Op freed 1 novimber is de premiêre fan ‘De Foarstelling’ yn it Posthûs op It Hearrefean, dêrnei is it noch op 5 oare plakken yn Fryslân te sjen.
Bestel no kaarten fia: https://www.vanplan.nl/uitje/de-foarstelling-posthuis-theater-heerenveen-38715512
freed 1 novimber 2019 Posthuis Theater Heerenveen
sneon 2 novimber 2019 De Skâns Gorredyk
freed 8 novimber 2019 De Koornbeurs Frjentsjer
sneon 9 novimber 2019 De Hege Fonnen Lemmer
freed 15 novimber 2019 Theater Sneek Snits
sneon 16 novimber 2019 Sense Dokkum
Sjoch ek de Louwerterkrante fan freed 25 oktober 2019
Net stinne mar hinne.
Toanielselskip Nij Bigjin
Reacties