Locatietheater: Oerlibje

De jeugdafdeling van Nij Bigjin organiseert 4 avonden in juni “Oerlibje”: locatietheater op diverse locaties door Bakkeveen. Er wordt veel jeugd betrokken.

“De striid tusken de mienskippen”

Data:

  • zaterdagavond 23 juni, 20:30 uur
  • zondagavond 24 juni, 20:30 uur
  • zaterdagavond 30 juni, 20:30 uur
  • zondagmiddag 1juli, 16:30 uur

klik hier voor foto’s en actuele info

Lokatietieheater Oerlibje.

Dizze foarstelling merket him troch de hjoeddeistige tematyk en de ferbining mei de (oare) mienskip(pen). De ferbining tusken jong en âld komme yn dizze foarstelling byelkoar.

De striid dy’t hâlden wurdt mei Bigg Brother is watching you, ek in hjoeddeisk ûnderwerp mei in tsjokke fette knipeag nei de taal Frysk/Nederlâns.
“Der wurdt gjin Nederlâns sprutsen yn de Haadstêd”.

Hoe hâldst dysels steande as persoan yn in earmoediche maatskippij wêrby de diktatuur oerwinning fiert, wêr eangst en honger hearskje?
Hokker aspekt skept nea eangst of panyk? Want hoopje docht libben en de dea wurdt ynienen net mear wichtich? Dat is leafde, freonskip en famylje!
Yn dizze foarstelling komme de hjirboppe neamde ûnderwerpen oan bod, spile troch bern, jongeren en folwoeksenen.

Dizze absurdistische foarstelling giet oer de maatskippij fan Banevka (ferkapping fan Bakkefean. Banevka bestiet út 5 ferskillende mienskippen (oarspronklik gemeente) Opsterlân, Like, Smellingerlân, Oostellingwerf, Noorderveld).

De foarstellingen wurde hâlden yn de perioade fan 23 juny oant 1 july en spilje him ôf op de sânflakte yn de dúnen fan Bakkefean en nei it skoft yn it swimbad Dúndelle.

Kaartferkeap: [email protected] Telefoan: 0516 541493
Foarferkeap: € 12,50
Bern oant en mei 12 jier heal jild
Kaart jouwt rocht op 1 konsumpsje

23,24,30 juny oanfang: 20.30   1 july oanfang 16.30

Alles wat jo fierder witte wolle kinne jo fine op www.bakkeveen.nl/toneel
Oerlibje is in produksje fan: Jeugdtheater Bakkefean, Toanielselskip Nij Bigjin mei gearwurking fan ‘t de Radius project fan Allardseag.

Geplaatst in: Toneelvereniging Nij Bigjin

Geef een reactie