It Van Drooge Mystearje

Oprop, it giet oan

Wa wol meidwaan mei “it van Drooge mystearje

Yn 2015 ha de “Historische Vereniging Bakkeveen” en it “Toanielselskip Nij Bigjin” mei elkoar in petear hân om oer it âld skoalhaad master van Drooge in teaterfoarstelling te meitsjen.

Hjirûnder folget in nijere útlis oer dit inisjatyf.

Master van Drooge wie fan 1870 ôf skoalmaster yn Bakkefean en hat in wichtige bijdrage levere oan de ûntwikkeling fan Bakkefean en omkriten.

De hystoaryske feriening wol graach de skiednis fan Bakkefean libben hâlde, benammen ek foar de jongerein.

It toanielselskip hat in grutte jeugdôfdieling en sjocht mooglikheden om yn’e mande mei de hystoaryske feriening in teaterfoarstelling oer dit ûnderwerp gear te stallen.

Âlde en nije tiden sille troch inoar hinne rinne en it dekôr moat ûnder oaren de âlde en nije skoallen útbyldzje.

It is it doel dit stik op te fieren op it terrein fan “Dúndelle”.

Der sille ûngefear 35 persoanen oan meidwaan, werfan 20 spilers fan jong oant âld en 15 figuranten. Ek is der romte foar sjongen en dûnsjen, werby’t de gymnastykferiening en it doarpskoar in wichtige rol spylje kinne. Fierder wurdt der noch socht nei bewenners fan Bakkefean dy’t oan disse produksje meidwaan wolle.

Dus hast der nocht oan om oan disse produksje mei te wurkjen, stjoer dan in mail nei

[email protected] as belje nei 06 43539992.

De rippetysjes sette útein yn jannewaris 2017 en de útfiering is yn juny as septimber 2017.

Geplaatst in: Oproepen

Geef een reactie