Hannekemaaiers in Nederland van Boven (?)

Bêste Bakkefeaners,

Ik lies yn de ljouwerter krante dat de bosatlas van Nederland van Boven te keap is. Jimme kinne him bestelle, neffens my foar 31 desimber , foar de priis fan 29,95 eks portokosten. Dêrnei moatte jimme 39,95 betelje!

It sjocht der moai út ik haw em 30 okt al krigen. En Nederland van Boven fan de VPRO is te sjen fanôf 14 novimber op ned 1 om 22.20. En dan eltse tongersdei mar net twadde krystdei en de lêste útstjoering is op 23 jannewaris. Dus allegearre sjen want de Hannekemaaiers komme der miskien ek wol foar. De opnames binne makke op de Duerswâldmerheide sa as jimme witte, de oankomst wie by it poepekrús. En de binnekomst yn Bakkefean is ek filme.

It boek kinne jimme til bestelle by Noordhoff Uitgevers afd Boeken tillefoannûmer 050-522 6888 ik koe net fia de mail bestelle mar in tillefoantsje is gauw plege.
In hiele soad lês en sjochnocht tawinske allegearre. Efkes googelje op Nederland van boven en jimme sjogge wat it tema is en de datums.

Hertlike groetnis fan Ytsje Wilstra.

Geplaatst in: Oproepen

Geef een reactie