Gemeente politiek over hoek Tsjerkewal/Mjumsterwei

Hierbij een gedeelte uit het concept verslag van de “kommisje romte” van de gemeente Opsterland van 10 juni 2008. Het hieronde rgeciteerde deel gaat over de invulling van hoek Tsjerkewal / Mjumsterwei in Bakkeveen.

CONCEPT VERSLAG van de openbare vergadering van de “kommisje romte” van de gemeente Opsterland, gehouden op dinsdag 10 juni 2008 vanaf 19.30 uur in de raadzaal van het gemeentehuis te Beetsterzwaag.

Aanwezig de leden:
A.C.M. Arends (OL), J.W. Harmsma (PvdA), H. Hoekstra (CDA), H. de Jong (OB), S. Jonker (OB), J.R. Metzlar (PvdA), H. de Vries (VVD), H.J. de Vries (PvdA), G. Weeningv ervangt R. van der Galiën) en E. Wilstra (FNP)

4. Rondvraag
De hear Wilstra: In soad ynwenners fan Bakkefean binne ungerest oer de ynfolling fan de hoeke Mjumsterwei / Tsjerkewâl. It giet om in foars bouprojekt. In lytse enkète únder de befolking fan Bakkefean leart dat sa’n 60% tsjin en sa’n 40% foar it projekt is. Der is in byienkomst west en der binne in soad fragen dellein, sa as hoe sit it mei Hûs en Hiem, wat bart der mei it Ankerplak, is der behoefte, is der ûndersyk dien, ensafuorthinne. Ik haw it plaatsje hoe’t it der útsjen sil wat ut fergrutte en jim hawwe dat no foar jim. Jim kinne sjen dat in grut, foars gebou is. Bakkefean hat
lintbebouwing, dat is gjin beskerme doarpsgesicht, mar dat soe it eins wol wèze moatte. Wy freegje is oft it ek ferstannich is om hjir nochris mei-inoar nei te sjen. Dèr komt by dat oan de oare kant fan it te bebouwen plak in restaurant te keap stiet en dat in ynvestearder der
belangstelling foar hat. It is dus mooglik dat der ek nije bebouwing komt. Dat jout soargen. Ik wit dat it foar B&W lestich is om mei Woon Friesland ta in akkoart te kommen, mar kinne jim nochris mei doarpsbelang prate oft der ek mooglikheden binne om mei de befolking ta in bettere
oplossing te kommen. Fine jo de presintaasje dy’t der oant no ta west is, foldwaande en is hjir ek troch in lanskipsarsjitekt of in stedeboukundige nei sjoen?

Wetholder Hoen: Wy binne yn gesprek met Woon Friesland en Pleatslik belang. Dit is neffens de afspraken dy’t op de leste ynformaasjejone makke binne. Doe hat Pleatslik belang frege oft se by de fierdere ontwikkeling belutsen wurde kinne. Derby giet it dan oer gevelyndieling, materiaalkeuze,
kleurstelling, ensafuorthinne. Yn reaksje op de “enkète” dat der 40% foar en 60% tsjin it projekt wèze soe, merk ik op dat sjoen nei de belangstelling op de ynformaasjejûne it by in soad minsken net bot libbet. Wy hawwe de yndruk krigen dat de direkte omjouwing hiel kontint is mei it projekt. Ik bin it der mei iens dat wy hjir hiel soarchfuldich mei om gean moatte, mar it byld wat jo sketse is myn byld net.
De earste presintaasje troch Woon Friesland wie min, no wie it in hiel stik better. Ik wol der noch wol op wize dat der wol harke is nei de befolking. Fan de arsjitekt haw ik begrepen dat der noch altyd idee’n ynbrocht wurde om ta in ferbettering fan it gebou te kommen. In lânskipsarsjitekt is der neffens by net by belusten west.

De hear Wilstra: De ynwenners hawwe in wike fan te foaren berjocht krigen oer de ynformaasjejûne/ ynrin-merk. De belangstelling foel tsjin en dat kaam foar in grut part trochdat it te koart dei wie.

Het gehele verslag van de commissie vergadering is hier te lezen.

Geplaatst in: Plaatselijk Belang

Geef een reactie