E-toaniel digitale nijsbrief frats nr 20 – juli 2007 – www.frats.nl
Lette Ropping yn reprize!
Tryater en frats organisearje spesjaal foar it amateurtoanielfjild in jûn rûnom de foarstelling Lette Ropping, dy’t yn septimber in koarte reprize hat.
Dizze bysÛndere jûn wurdt hâlden op 6 septimber 2007 om 19.30 oere yn it Tryatergebou, Oostersingel 70 y Ljouwert.
It program fan de jûn:
19.30 – 20.00 oere ynlieding troch Bouke Oldenhof (skriuwer) en Anny van Hoof (rezjy)
20.00 – 22.15 oere foarstelling Lette Ropping (mei skoft)
22.30 – 23.15 oere neipetearen mei ferskillende doelgroepen
Neipetearen:
It neipetear foar amateurtoanielspilers wurdt hâlden mei akteurs fan Tryater under lieding fan Anne Graswinckel.
It neipetear mei amateurtoanielskriuwers wurdt hâlden mei Bouke Oldenhof under lieding fan himsels
It neipetear foar amateurtoanielregisseurs wurdt hâlden mei Anny van Hoof ûnder lieding fan Luuk Eisema (frats)
Yn de ynlieding wurdt al oanjûn hokker underwerpen yn it neipetear oan de oarder komme en der wurdt yngien op it ta stân kommen fan it stik en op it proses fan teatermeitsjen.
Foar dizze jûn jildt de spesjale priis fan € 8,- p.p. Kaarten kinne reservearre wurde fia it kaartferkeapnûmer fan Tryater of in mail nei [email protected] Graach mei fermelding fan namme, adres en telefoannûmer en it tal kaarten.
Lette Ropping
Lette Ropping is in oandwaanlike skets, basearre op in wierbard ferhaal oer in koster, syn frou en de nije domny. En hoe wûnderlik de plot ek wêze mei, it is in stik oer hiel gewoane minsken. Werkenber foar elkenien. En dêryn sit ek de humor. Regisseur Anny van Hoof waard by it lêzen fan Lette Ropping rekke troch dy werkenberheid. Lette Ropping wurdt spile troch Joop Wittermans, Marijke Geertsma en Aly Bruinsma.
Yn ‘e hjerst fan 2006 reizge Tryater mei Lette Ropping troch Fryslân. It stik, dat spesjaal troch Bouke Oldenhof skreaun is foar Tryater, belibbe in suksesfolle toernee. Noch net earder siet in skriuwer sa ticht op it proses fan meitsjen by Tryater. It joech Bouke Oldenhof de kâns om it stik fierder te ûntwikkeljen.
Tryater spilet in reprize-rige fan Lette Ropping op 6, 7, 8, 13, 14 en 15 septimber o.k.
De oare foarstellingen binne tagonklik foar elkenien dy’t Lette Ropping noch net sjoen hat, of it stik graach noch in kear sjen wol. Kaarten binne te krijen fia it kaartferkeapnûmer fan Tryater of fia www.tryater.nl.
Reacties