Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Toneel uitvoering Waskemeer

20 februari 20:00 - 22:30

Toanielferiening De Waldploeg bringt op it poadium

“IN RITS TE FIER”

In komeedzje fan Jon van Eerd, Fryske oersetting Baukje Stavinga,

Met de uitvoeringsdatums van: vrijdag 20 en zaterdag 21 Februari en 27 en 28 Februari om 20.00 uur in het Atrium van Csg Liudger in Waskemeer.
De kaartverkoop is vanaf 2 februari op de maandag , woensdag, vrijdag en zaterdag tussen 17.00 en 20.00 uur bij Jan en Jannie van der Veen aan De Kromten 11 in Waskemeer, telefoon 06 2541 6909.

It stik spilet him ôf op kamping ‘De Wielewaal’. Eigner Harrie Vermeulen wurdt konfrontearre mei in grutte kontrôle troch de gemeente. Negative ferhalen binne yn omloop rekke en no wurdt Harrie fertocht fan it net neilibjen fan feiligens en de hygiëne op’ e kamping, lykas it tastean fan morele wantastannen. Mei help fan syn dochter Lies en harren Sjineeske help Lang Leng Hop is Harrie wanhopich dwaande om de kamping tiptop ynoarder te meitsjen foar’t de ynspekteur oankomt.
It is nochal drok op’ e kamping en it is net dúdlik wa’t no krekt de ynspekteur is. Nei in artal misferstannen wêrby’t de sinnige ornitolooch (Norbert), in jongeman mei in dûbele aginda (Jasper) en in ûnmooglik knorrige mynhear (Hak)dy it der net makliker op meitsje, wit Harrie einliks wa’t de ynspekteur is; Mefrou fan Kralingen, de mem fan Jasper!

Mar it is te let. Troch in ûngelokje ferliest de ynspekteur har geheugen. Ympulsyf nimt Harrie in gefaarlik beslút. Hy makket de ynspekteur wiis dat sy al jierren in gelokkich troud stel binne en dat se tegearre de kamping runne. Fansels is it dreech dit fol te hâlden. Foaral omdat de ynspekteur ferside hâlden wurde moat foar Norbert én foar mynhear Hak. Norbert is nammentlik de eks fan de ynspekteur én de heit fan Jasper, en mynhear Hak blykt dyjinge te wêzen dy’t de kamping yn in kwea deiljocht stelle wol. En mefrou van kralingen ,……..Sy wol der in golfterrein fan meitsje.

It stik ligt al ferskate jierren op e`plank by it teaterselskip fan Waskemeer. Trije jier lyn koene wy it stik op it lêste momint net opfiere fanwegen in lyts fytsûngelok wêrby’t ien fan ‘e akteurs belutsen wie. It jier dêrop waard it teaterselskip fan Waskemeer de kâns ûntsein om it stik op te fieren troch de skriuwer fan it stik fanwegen syn eigen teatertoernee mei it stik “Een rits te Ver” 2.0
De Waldploeg kin eins sizze,….. Jon van Eerd hie in 2.0. Wy bringen ferzje 3.0 nei it poadium. Dit jier like it derop dat it wer mislearje soe, it wie in spannende tiid mei ien fan de spilers. Gelokkich giet alles goed en is de spiler wer op it poadium te finen

De akteurs, it ljocht- en lûdteam, dekôrûntwerpers en de regisseur binne enoarm
enthousiast om dit ta libben te bringen.
In jûn toaniel by De Waldploeg yn Waskemeer… jo moatte it gewoan belibje!
dus net stinne, mar hinne !!!

Bestuur toneelvereniging De Waldlpoech

Gegevens

  • Datum: 20 februari
  • Tijd:
    20:00 - 22:30

Locatie

  • Dorpshuis Waskemeer
  • Leidijk 42C
    Waskemeer, 8434 NC
    + Google Maps

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *