Een ongewoon stukje Friesland
dinsdag 20 oktober 2026 Weer: 10.4 °C
Recreatie

Wintertoneel Siegerswoude

Toneel Siegerswoude

Toanielleafhawwers,

Ôfrûne maaitiid hawwe we in prachtich iepenloftspul foar it fuotljocht brocht. Dit winterskoft stiene alle spilers noch net te springen om al wer los mei in nij stik. Gelokkich hawwe we toanielferiening Op Nij Feriene ût Oerterp safier krigen om it stokje fan ûs oer te nimmen.

Op saterje 22 febrewaris om 20.00 oere yn it doarpshûs de Ûthof spylje se foar ûs it stik

De Himmelsters

De Himmelsters is skreaun troch Marcel Kragt en oerset troch Anja Steegstra.

It stik giet oer fiif froulju dy’t wurkje op de ôfdieling hûshalding fan in grutte ûnderwiisynstelling. De froulju en konsjeerzje Huib wurkje ûnder lieding fan Theo it haad fan de skoalle. Nel, Loes, Anna en Liesbeth ferskine nij de simmerfakânsje wer op it wurk, mar wêr bliuwt Anita …

Hoe dan ek se sil op de ien as oare wize wol wer foar it ljocht komme…

Toanielferiening Oerterp wurd dit jier wer regiseert troch ûs eigen Elske dus dit wurd ek fêst wer in boppeslach.

It belooft wer in moaie jûn te wurden. Net stinne mar allegearre hinne!!!!

  • Saterje 22 febr, 20 oere Doarpshûs “De Ûthof”.
  • Kaartsjes te keap allinne jûns oan de seal fanôf healwei achten € 10,– Bern oant 13 jier € 5,–
  • Gjin foarferkeap, graach kontant

Oant Sjen

Deel dit bericht

Aangeboden door onze adverteerders

Groepsaccommodaties
Kampeerboerderij The Loryann
Kampeerboerderij bij uitstek geschikt voor kleine en grote groepen: voor vakantiegroepen, familiefeesten, schoolkampen, sportverenigingen,…
Campings
Camping Ut Sicht
Een schone, gastvrije en gemoedelijke SVR camping, 15 plaatsen in natuurlijke omgeving.
Bungalows & chalets
CountryHomes Friesland
Een bungalow huren voor een heerlijke en betaalbare prijs in een lommerrijke omgeving.
Adverteren op Bakkeveen.nl

Nog geen reacties. Deel als eerste je mening!

fout: Content is protected !!