Spitich

Dit wie it berjocht fan 20 desimber 2020 ……. hjoed 09 maaie 2021 efkes in UPDATE:

sûnt 20-12-2020 hat er 2 kear yn’e sleat lein.

3 wike tebek is der in stikje ôfbrutsen mar dat is der wer oan plakt.

Dizze wike is dat stikje der wer ôfbrutsen en no ek mar yn’e sleat smieten.

Mar dat is noch net alles ……… der is sels besocht om ‘m yn’e brân te stekken !!

We hâlde jim op’e hichte.

bankje 09-05-2021

 

It bankje oan it paadsje achter Ecofeen is by in soad minsken al in begrip. Der binne in soad minsken dy’t er op wat foar wize dan ek in soad wille oan belibje.

De ien rint of fytst er bydel en tinkt: wat in moai plakje om in bankje del te setten.

In oar giet er efkes sitten om fan it útsicht te genietsjen.

Wer in oar giet er jûns efkes sitten mei in gleske wyn en in sigaarke om fan’e sinnedelgong en de fûgeltsjes of kookes en skiepkes te genietsjen

Wer in oar hâld efkes skoft nei in kuierke

en der binne guon minsken dy’t er wille oan ha om ‘m yn’e sleat te gooien.

Wat in drokte trouens: earst it tou los knoopje of sels snije en dan mei bruut geweld de hiele brut omkiepje ……..

Mar hoe dan ek as je der mar wille oan ha.

We hâlde fol.

Geplaatst in: Algemeen

Geef een reactie