Openluchtspel Siegerswoude: Junglekoarts

It is mar ien kear yn`e fiif jier doarpsfeest yn Sigerswâld. Oare jierren stean we gewoan rêstich mei beide fuotten op`e grûn. Der sit dan ek net ien te wachtsjen op in iepenloftspul mei djippe lagen en drege ûnderwerpen.

Wolnee! As it hjir feest is, moat it gean oer minsken sa`t wy dy mar al te goed kinne.

Nim no bygelyks famylje Van der Veer. De freondinnen fan Leonora fiere fakansje yn eksoatyske oarden, dat sy kin net
achterbliuwe fansels! Dêrom reizget de hiele famylje ôf nei Sûd- Amearika. Goed en wol te plak yn it sjarmante stêdsje –net fier fan harren lùkse fiif stjerrenhotel- kriget Leonora spul mei de kolonel fan it leger fan de president.

Dat rint sa ùt`e hân dat se flechtsje moatte foar de milysje en sa komme se yn de jungle telâne, wêryn`t se fansels hopeleas ferdwale….
Se dogge bot harren bêst om it paad werom te finen, mar al gau docht bliken dat dàt net de grutste soarch yn it tige grutte en gefaarlike oerwâld is.

Dit aventoer fynt plak op in skitterende lokaasje: Camping De Sieghorst, Binnenwei 40 Sigerswâld.

De spyldata binne

  • woansdei 26,
  • tongersdei 27 en
  • freed 28 juni. (inmiddels uitverkocht)

Oanfang 20.30 oere.

Der binne twa mooglikheden om kaarten foar JUNGLEKOARTS te keapjen.
• Jo kinne in mail stjoere nei [email protected]
• Of jo kinne kaarten keapje oan de kassa fan AROB Antennebouw, foarwurk 39-K Sigerswâld.

Entreeprizen: folwoeksenen € 12,50, bern o/m 16 jier € 7.50.

Geplaatst in: Evenementen

Geef een reactie