De spelers “Dodo” & “Hilbrand” uit het “Iepenloftspel Halbe’s Lot” stellen zich voor.

Myn namme is Anita Broeders, mem fan Ninja, Kyra, Jorno en Rico. Ik bin troud mei Marcel en as jo it Iepenloftspul sjoen hawwe, sille jo begripe dat myn man de iennige echte (lekker rûkende) Bargeboer fan de jûn is. 

Ik spielje de rol fan Dodo. Dodo is de froulike invaldûmny, dy’t dûmny Elzinga tydlik ferfangt. Dodo fielt dat hja har yn Bakkefean noch wier meitsje moat. Dodo fielt har it meast thús by Ultsje, de sechstjinjierige  soan fan Anneke. Dodo is gek op koekjes en hâldt op syn tiid ek wol fan in beskieden bourreltsje. 
Dodo moat in swierriche ôfweging meitsje tusken wat goed is foar de tsjerke en de bewenners fan de Weverswâl en wat sy tinkt wat God fan har ferlangt; nammentlik, earlikens. Oan it ein liket it derop dat it bedroch oan it ljocht komme sil, mar of dat ek werklik sa is… 

Myn namme is Sietse Bouma en ik wenje no al wer sawat 2 jier yn Bakkefean.
Op it àld stee fan Rinse Jonkman oan it Mandefjild bin ik mei myn frou Hannie delstrutsen.
Wy hawwe 2 bern dy’t ynmiddels it hùs ùt binne.
Oarspronkelijk kom ik ùt Sigerswàld wer ’t ik in molkfeehalderij bedriuw hie.
Myn hobby’s binne kuorbal en toanielspylje.
As trainer coach bin ik op it momint by ferskillende kuorbal ferieningen yn aktie.
Toanielspyljen al wer hiel wat jierren by toanielferiening Sigerswàld.
Doe,t ik yn de Slùswachter in oprop seach foar mannen om mei te dwaan oan it iepenloftspul like mei dat in moaie ùtdaging.
Fander dat ik my opjùn haw. Nei ferskeidene repetysjes doar ik wol te sizzen dat ik hjir gjin spyt fan krije sil.
In leuke sfeer en in protte wille meielkoar.
Boppedat haw ik in leuke rol tabedield krige.
Yn it stik spylje ik Hilbrand, de grutte gongmakker yn it doarp.
In man dy,t tegearre mei syn grutte maat Ytse wol wat oandoart.
Ik hoopje jim allegeare op 1 fan ùs ùtfoeringen te sjen.
Graag oan,t dan.
Sietse

 

Geplaatst in: Algemeen

Geef een reactie