Een ongewoon stukje Friesland
donderdag 10 september 2026 Weer: 14.3 °C
Toneelvereniging Nij Bigjin

Wij stellen voor: Anja Steegstra

Graach stelle wy jim foar oan Anja Steegstra https://www.facebook.com/skriuwbedriuw Anja is njonken regisseur, skriuwer fan oarspronklik Frysktalich toaniel en oersetter.

“De Fulkaan is de twadde bewurking fan in roman fan de bekende wynboer en romanskriuwer Ilja Gort, De Vulkaan. Myn earste kontakt mei Ilja wie al yn 2015, doe’t ik nei it lêzen fan syn roman De Vrouwenslagerij, him frege as ik fan dy titel in Frysktalich toanielstik skriuwe mocht. Dat resultearre yn it stik De Froulju’s Slachterij, dat by Teäter Snits yn novimber 2016 yn premjêre gien is. Ilja wie mei syn freondinne Caroline dêr ek by oanwêzich en wie tige entûsjast. Wat him útlokke ta de fraach: wanneer ga je nóg een bewerking fan één van mijn boeken maken? “

En no is it sa fier. De Fulkaan is myn twadde bewurking fan in roman fan Gort (De Vulkaan). Dit ferhaal – dat ik earder alris lêzen hie- liende har hiel goed foar in stik yn de iepen loft. Nei it oantal petearen mei it bestjoer fan Nij Bigjin yn Bakkefean, wiene ek sy entûsjast oer it ferhaal. Dêrnei ha ik wederom kontakt hân mei Ilja en krige ik alle romte en tastimming om in Frysktalige bewurking te meitsjen. It is hiel fijn om op sa’n plezierige manier kontakt te hawwen mei de oarspronklik skriuwer, it is in ontzettend aardige man, dy’t tige meigeand is en altyd entûsjast reagearret op de ynhâld fan de bewurking. As de tiid it ta lit, is er fan doel om de foarstelling by te wenjen.

Ik winskje regisseur Tineke Nicolai en de spilers in hiele protte wille mei de rippetysjes en bin fansels – krekt as Ilja Gort- hiel benijd nei it risseltaat!

Útfieringen: 19, 20, 24*, 26 en 27 juny 2026
De Scheperij Bakkeveen
Kaarten: www.bakkeveen.nl/toneel

Deel dit bericht

Aangeboden door onze adverteerders

Verzorging
Dyn Dao
Yoga- en bewegingsstudio in Siegerswoude met yin yoga, tai chi en Wudang fitness. Lees…
Winkels
Foar Dy Bloemen & Meer
Bloemenwinkel in Bakkeveen voor boeketten, planten en cadeaus. Lees verder →
Bouw en installatie
Gebroeders Kok
Grond-, weg- en waterbouwbedrijf in Bakkeveen, actief sinds 1949 in verhuur van grondverzetmachines en…
Adverteren op Bakkeveen.nl

0 reacties

error: Content is protected !!