Efkes foarstelle: Tineke Nicolai

Myn namme is Tineke Nicolai. Ik wenje yn Donkerbroek.
Ik bin al sa ’n 45 jier dwaande mei (amateur) toaniel,as spiler en as regisseur rûnom yn Fryslân. Dizze kear mei ik it stik de Fulkaan regissearje.

De Vulkaan is in boek fan Ilja Gort. Anja Steegstra hat fan dit boek in prachtige Fryske toanielbewurking makke. It sil yn juni ’26 opfierd wurde yn Bakkefean op it hiem fan Dagbesteding De Scheperij. Dit alles sil barre yn it ramt fan it 95 jierrich bestean fan de toanielferiening Nij Bigjin út Bakkefean.

In humoristysk stik mei werkenbere typkes. It spilet him ôf yn Sardets, in leaflik Frânsk doarpke. Yn moaie Frânske sfearen mei  Frânske muzyk (live).

Ik soe sizze: net stinne , mar hinne.
www.bakkeveen.nl/toneel

A bientôt! Oant gau!

Geplaatst in: Toneelvereniging Nij Bigjin

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

error: Content is protected !!