Een ongewoon stukje Friesland
zaterdag 19 september 2026 Weer: 18.0 °C
Algemeen nieuws

It Stikje, Mark Rutte

Sjips en sûkelade

 

Foar my by de kassa yn ‘e winkel stean trije skoaljonges. Se komme krekt út skoalle en keapje foardat se nei hûs ta geane elk noch in reep sûkelade, in pûde sjips en in blikje enerzjydrank.

Se rinne nei bûten ta wêr ’t krekt in âldere man op ‘e fyts stappe sil. De jonges skuorre fuortendaliks de pûde sjips iepen en nimme in grut stik sûkelade yn ‘e mûle. De man sjocht harren ris nijsgjirrich oan. “Mei ik jimme wat freegje, jonges?” De jonges knikke en kauwje gau wat sjips en sûkelade fuort en wachtsje benijd ôf wat kommen giet. De âlde man sjocht harren efkes strak oan en seit dan: “Fine jimme dy Mark Rutte ek sa’n slijmjurk?”

 

Remco Hofman (62), Bakkefean

Deel dit bericht

Aangeboden door onze adverteerders

Dienstverlening
Veenstra Mechanisatie
Verkoop en onderhoud van landbouwmachines en mechanisatie. Lees verder →
Lifestyle/gezondheid
Dyn Dao
Yoga- en bewegingsstudio in Siegerswoude met yin yoga, tai chi en Wudang fitness. Lees…
Lifestyle/gezondheid
Studio Hemelsbreed
Praktijk voor rouw- en verliesbegeleiding, gevestigd bij De Scheperij in Bakkeveen. Lees verder →
Adverteren op Bakkeveen.nl

1 reactie. Deel ook je mening!

  1. M

    Remco H., Kansloos bericht., FF wachtje nog op jo AOW. Dan noch mear seure..

error: Content is protected !!