Toneeluitvoering Waskemeer

  • Startdatum:
  • Starttijd:
  • Locatie: 't Ald Leger, Waskemeer

TOANIELSELSKIP DE WALDPLOECH SPILET IT STIK “DE BLOST FÂN BÛTENPOST”

It ferhaal giet oer in blost fan in fint, dy’t mient dat hy alles is en noch nea in slach ferlern hat. Ruurd Koopmans seit dat hy kampioen yn boksen is, mar foar it kampioenskip ligen en bedrigen komt hy earder yn oanmerking.

Syn sweager Ingelbert sjocht mar bot tsjin him op. Ingelbert is in suertsje sûnder kont yn de broek, hy hat yn syn houlik de moedfearren allang hingje litten. Hy hat dan ek neat yn te bringen by Alberta, in bekstik dy’t de mûle altyd oant de earen ta iepen hat. Wannear Ruurd Ingelbert yn betrouwen nimt en syn geheim ferklapt gean ek Ingelbert de eagen iepen. En ien gek makket mear gekken. It libben kin sa’n stik moaier wêze nei al harren snoade plannen, temear omt Ruurd syn suske de beide mannen stipet. Sy docht sich foar as dat se net sa tûk is, mar it docht bliken dat sy it brein efter al dy leagens en efterklap is. Mar soenen de mannen dit wol foarelkoar bokse sûnder dat der echte klappen falle? Soenen se wol genôch rekken hâlde mei harren tsjinstanders. Skoanmem Gryt is gjin swiergewicht mar wol in gefaar. Har sprekwurden slagge mannichien knock-out. As komt it gefaar miskien wol út in oare hoeke? Al mei al wurdt dit in spannende wedstriid wêrt úteinlik it publyk de grutste winner wurde sil.

De spyldatums binne freed 14, sneon 15, freed 21 en sneon 22 febrewaris 2020, wy begjinne fan ôf 20.00 oere.
Sneon 15 en 22 febrewaris hawwe wy live muzyk. De útfierings binne yn it Atrium fan it doarpshûs “It âld leger” te Waskemar.

Kaarten binne te keap by fam. Sikkema, Wijndelsweg 6, Waskemar.
Tel 0516 421273.
Fan ôf 6 febrewaris ôf, tusken 17.00 en 19.30 oere.

Geplaatst in:

Geef een reactie