Theater: Siel, in frou mei behoeften

  • Startdatum:
  • Starttijd:
  • Locatie: Dorpshuis Siegerswoude

Teatergroep SIEL spilet
In frou mei behoeften
yn Sigerswâld

Sûnt it begjin fan dit jier is de nije teatergroep SIEL yn lytse setting oan it repetearjen mei in nije Fryske komeedzje. It stik hjit In frou mei behoeften.

De oarspronklik Flaamske komeedzje is skreaun troch John Vermeulen. De Fryske oersetting is fan Sietse Bouma út Bakkefean. Tegearre mei Elske Klooster út Sigerswâld hat hy de teatergroep SIEL oprjochte.

It twatal is fan miening, dat der wer wat reuring op it teaterflak plakfine moat. En dat kin no al as je in stik spylje mei in net al te grutte besetting.

[18 juni is uitverkocht, extra voorstelling op zaterdag 19 juni 20 uur]
Op 18 juny sil de premjêre neffens de dan jildige Corona-maatregels om 20.00 spile wurde yn it doarpshûs fan Sigerswâld. Sa as it no liket meie der 30 taskôgers oanwêzich wêze.

De ynhâld fan it stik
Luuk en Janneke binne al in moai skoft troud.  Sy is in notarisdochter dy ‘t nea oan it wurk west hat, hy is in stedsamtner dy ‘t de measte promoasjes oan syn noas foarby gean liet. Der sit wat slitaazje oan harren houlik. Se fermeitsje mekoar oerdei foar it grutste part troch mekoar de hûd op sinistyske wize fol te skellen. Janneke besiket de flam yn harren seksuele relaasje wer wat op te lôgjen. Mar dit hat ta gefolgen, dat der brike situaasjes ûnsteane, dy ‘t beide net ferwachtsje.

Ynfo oer teatergroep SIEL en kaartferkeap:

  • Foar mear ynfo hâldt ûs facebook side yn de gaten; iepenloftspul Sigerswâld
  • Fanôf 1 juny kinne jim kaarten reservearje by Hannie 06 23805598
  • Teatergroep SIEL wol ek wol fuort te spyljen.

Oant sjen,  Sietse en Elske

Geplaatst in:

Geef een reactie