Middag toneel Frieschepalen

  • Startdatum:
  • Starttijd:
  • Locatie: Dorpshuis de Dobber, Frieschepalen

Op 19, 21 en 22 febrewaris 2020 spilet Toanielferiening “Nij Libben” út Fryske Peallen de klucht

 “Wa is hjir dokter”

In klucht fan Jan Derene, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra.

Foar it earst sûnt jierren spylje wy ek wer op woansdeitemiddei. Geane jo jûns yn it tsjuster der leaver net mear út, dan is in toanielútsje op dizze middei ideaal. Mochten jo op freed- of sneontejûn net yn de gelegenheid wêze om te kommen, op woansdeitemiddei is fansels elkenien fan herte wolkom.

We spilje it stik op freed 21 febrewaris en op sneon 22 febrewaris om 20.00 oere yn doarpshûs de “Dobber”yn Fryskepeallen. Op sneon is der nei ôfrin dûnsjen mei Blowing Away. We spilje it stik ek op woansdeitemiddei 19 febrewaris 2020 om 14.00 oere.

Yn in drokke hûsdokterspraktyk wurkje neist dokter in doktersassistente en in putsjeman. Yn de praktyk komme alderhanne pasjinten mei ferskillende problemen en kwalen dy’t harren op begrutlike en healwize manieren hâlde en drage. Net allinne dokter bemuoit him mei de behanneling fan de pasjinten, mar ek de assistente en de putsjeman dogge dat no en dan. Dêrneist gebeure der ek in pear net gebrûklike dingen dy’t te krijen ha mei de besite oan de praktyk fan in heimsinnige pasjint. Dit allegear liedt ta de noadige komyske tastannen.

Kaarten €10,00 Stipers fergees.
Kaarten foarferkeap €8,–.
Kaarten woansdeitemiddei € 6,– (kaarten oan de seal te krijen)

De foarferkeap start yn jannewaris, der wurde net mear as 150 kaarten de jûn ferkocht. Mocht de foarferkeap útferkocht wêze dan binnen der oan de doar ek gjin kaarten mear te krijen!!!!!!!!  Ek yn ferbân mei de feiligheidsoerwegings is dizze feroaring fan belang.

Kaarten foarferkeap

  • Video 88 Ureterp
  • Freke Boonstra 0617459313
  • Annie van Veen 0633134335
  • Wolter Stoker 0620857053
Geplaatst in:

Geef een reactie