Yn 2026 sil Nij Bigjin Bakkefean útein mei in Iepenloftspul.
In stik skreaun troch Anja Steegstra nei it boek De Vulkaan fan Ilja Gort en wurd regisearre troch Tineke Nicolai.
De spyldata binne: 19,20,24,26 en 27 juny
De repetysjedagen binne fan febrewaris 2026 ôf op tiisdei en tongersdei
No binne we noch op syk nei 2 manlju túsken de 30 en 60 jier
Ienige toanielûnderfining is noait wei fansels!
Liket it dy wat om mei ús mei te dwaan nim dan kontakt op mei
Feikje Wagenaar 06-11567593
Mear ynformaasje oer Nij Bigjin sjoch dan op : www.bakkeveen.nl/toneel

Reacties