Wintertoneel in Frieschepalen

Toneel Frieschepalen

Toanielferiening “Nij Libben” spilet: De Treflike Dokter Paul

Klucht yn trije bedriuwen fan Henk Roede
Oerset en bewurke troch Roel Klijnstra

Mei Fleur en faasje set Dokter Paul út ein op syn earste wurkdei as bistedokter yn syn eigen praktyk. Al rap docht bliken, dat syn foargonger, Dokter Vermeulen, der wol gauris putsjes by die en it net sa nei naam mei de etyk.

De tichtstbywêzende húsdokterspraktyk is nammentlik in hiel ein fierderop. De measte ynwenners fan it doarp hawwe neat op de illegale praktyken fan Vermeulen tsjin. Mar assistinte Lysbet is net op de hichte brocht troch de álde dokter. En dat is ek mar better.

Al mei al in dwers troch alles hinne komyske klucht fol mei misferstânnen en dûbbelsinnigens, dy’t  garant steane foar in hilaryske jûn.

We spilje it stik op:

  • Woansdeitemiddei 19 febr om 14 oere
  • Freed 21 febr om 20 oere
  • Sneon 22 febr om 20 oere

Yn doarpshûs de “Dobber” yn Fryskepeallen.
Op sneon is der nei ôfrin dûnsjen mei live muzyk

Kaarten                        € 10,–  Stipers  fergees
Kaarten foarferkeap     € 8,–
Kaarten woansdeitemiddei € 6,– (kaarten oan de seal te krijen)

Kaarten foarferkeap à contant

  • Freke Boonstra, 06 17 45 93 13
  • Annie van Veen, 06 33 13 43 35
  • Wolter Stoker, 06 20 85 70 53
  • Piter’s Fytshûs Oerterp

 

Geplaatst in: Recreatie

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

error: Content is protected !!