Klún en Knoffelhakke yn De Uthôf

Sneon 10 maart 2018 spilet yn doarpshûs De Uthôf yn Sigerswâld Klún en Knoffelhakke harren nijste stik “Dikke Maten”.
Oanfang 20.00 oere.
Wy noegje elkenien fan herte út!

“As jo fanôf 1994 tegearre op ‘e planken steane, dan kin it hast net oars as jo binne dikke maten wurden. Mar… Hoe moatte wy dat lêze? Wat bedoelt it duo mei dikke? Sille wy dat dan mar oan de taskôgers oerlitte? It programma lit him it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk net fergetten wurdt. En dochs is der in reade tried, mar besykje dy tusken alle wille troch mar ris te finen… Dikke Maten is de 8-ste show fan it Hantumer teaterduo.”

Kaarten oan de seal kostje € 12,50, yn de foarverkeap binne se mar  € 10,00!
Jo kinne se bestelle by Arob Antennebouw, Foarwurk 39-K, 9248 SL, Sigerswâld of streekrjocht  fia [email protected]

Bestjoer en Exploitaasje doarpshûs De Uthôf, Uthôf 10, Sigerswâld

Geplaatst in: Oproepen

Geef een reactie