Kredyt in De Brink

Kredyt

Kredyt is de opfolger fan de suksesfolle kroechteaterstikken:
Katarsis, Kredo en Krimp

Kredyt komt fan it Latynske Credere en betsjut ‘leauwe of tabetrouwe’.

Neidat Knilles yn ‘Katarsis’ syn dochter kwyt rekke is, giet hy de wrâld yn om te sykjen nei ien fan de âldste hynderrassen; de Ahalteke; it gouden hynder. Op it Amelân rint noch neiteam fan dit edele bist. Hy komt werom yn it kafee om hjir oer te fertellen.
Hy moetet de Twentske Hettie, se skriuwt in boek oer in Fryske artyst dy ’t se hertstochtlik adoreard.
De politiker, Peke van der Klamp, nimt al fêst wat kredyt op de demokrasy.
It moaist soe wêze as Hettie sjocht hoe linich hy him hjir troch hinne slacht.
Jabke, it fleksibel postkantoar, sorteart de post yn it kafee. Wat net bestiet hoecht ek gjin post te krijen.
Sa folle minsken, sa folle ferhalen.
Yn ‘Kredyt’ komme se by elkoar yn kafee De Bûnte Bok.

  • Skriuwer: Gerrit Breteler
  • Spilers: Anke Bijlsma, Gerrit Haaksma
  • Spilerscoach: Rients Gratama
  • Muzyk: Gerrit Breteler
  • Arranzjeminten: Peter v.d. Zwaag
  • Prûkwurk: Arjan v.d. Grijn
  • Produksjelieder: Anke Bijlsma
  • Produsearre troch teaterstifting Ach,mea Culpa

Dorpscafé De Brink
Data: Dinsdag 12 en woensdag 13 december
Aanvang: 20 uur
Kaarten: € 19,50 per stuk in voorverkoop in De Brink

Geplaatst in: Agenda

Geef een reactie