Openluchtspel Siegerswoude

Iepenloftspul Sigerswâld

Fort Mustang

Fort Mustang leit middenyn it Yndianegebiet fan de Swartfuot-, Wytfuot-, Platfuot- en Switfuotyndianen. En no driget der in stammenoarloch op de prairie, want de yndianen grave de striidbile op. Dan wurdt it in kommen en gean dêr op Fort Mustang. Kolonel Mekkie, syn Sineeske betsjinner Liem Po, ferkenner Old Babbels en Luitenant Roberts ha it der mar drok mei. De lêste fan de Switfuot Yndianen, haadman Oef en syn dochter Oefke komme nei Fort Mustang om de kolonel om syn bemiddeling te freegjen.

Mar dan binne der ek noch de froulju fan de WIM!, dy’t wolle dat de kolonel syn ynfloed jilde lit by Oef, wat betreft de emansipaasje fan de froulju. Yntiid meitsje de oare yndianen har op foar de oanfal op Fort Mustang. Se wolle dat haadman Oef oan har útlevere wurdt. Kolonel Mekkie wol hjir lykwols neat fan witte en dan binne de rapen gear…

Kolonel Mekkie:   Sietse Bouma
Liem Po:                  Willem Neef
Old Babbels:           Henri Veenstra
Oef:                           Jan Benedictus
Oefke:                       Anna Klooster
Luitenant Roberts: Gerben Neef
Suster Martina:    Sjoerdtsje Funcke
Loeloe:                   Sjoeke van der Meer
Dolly:                      Klarie de Jong
Ping Po:                 Janneke Bult
Figuraasje:           Wimmie Veenstra, Atze Benedictus, Cobie Bult, Bennart Neef,
Jeffrey Pander, de dûnsers fan Sport- en Dûnsskoalle Marieke
en Maneezje De Wâldrâne Sigerswâld
Bouploech:          Wieger de Bos, Theun Bult, Sietze Visser, Johannes Dijkstra,
Sietze Visser en Janco Haisma
Lûd:                        Rolf Edens
Regy:                      Elske Klooster

Woansdei 18 en Freed 20 juny 2014
Rûnom Doarpshûs “Úthôf”, Úthôf 10 yn Sigerswâld*
Oanfang: 20.30 oere

Kaartferkeap
Der binne twa mooglikheden om kaarten foar Fort Mustang te bestellen:
• reservearje troch te mailen nei: [email protected]
• oan ‘e kassa fan Arob Antennebouw, Foarwurk 39k yn Sigerswâld
bern o/m 15 jier € 5,00 | folwoeksenen € 7,50

Geplaatst in: Bekijken: natuur en cultuur

6 reacties op “Openluchtspel Siegerswoude

  1. Saskia zegt:

    wie heeft er nog kaarten over voor de vrijdagavond?

  2. Riny zegt:

    Ik heb nog een kaart voor vanavond! Donderdagavond!

  3. Sjirk zegt:

    Complimenten voor iedereen die mee heeft geholpen, Fort Mustang zo voortreffelijk neer te zetten.
    Wij vonden het prachtig.

  4. Geert zegt:

    Heel goed gedaan, ik heb er genoten van het spektakel.

  5. albert zegt:

    Waar een klein dorp groot in kan zijn. De Indianen zijn weer naar hun jachtgronden.

  6. sietse zegt:

    It hat mei as commandant fan Fort Mustang hiel goed dien om safolle minsken ût Bakkefean op de tribune oan te treffen.Dizze site en it blêd de Slûswachter ha der seker ta bydroegen. Dank derfoar.
    Dank foar alle moaie en leafe reaktjes dit hat my (hat ûs)goed dien.

    Groetnis,

    Kolonel Mekkie

Geef een reactie